Undersyk soarchfersekerders

12 jan 2005 - 12:31

Soarchfersekerder De Friesland komt net min út 'e bus yn in ûndersyk fan it Konsumintebûn. Dy organisaasje hat 23 sikefûnsen ûnder de lûp hâlden. Dêrby waarden grutte ferskillen yn priis en kwaliteit konstatearre.

De klanten binne tefreden oer De Friesland, mar it oannamebelied en de keuzefrijheid kinne better. De kwaliteit fan 'e soarch by De Friesland kin ek better, lykas by folle mear ûndersochte fersekerders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)