Langer previntyf fouillearje

© Omrop Fryslân
De plysje Ljouwert mei twa moannen langer previntyf fouillearje, sa hat boargemaster Dales bepaald. Ek it messeferbod foar de Frijheidswyk en it sintrum wurdt ferlingd.
De proef mei it trochsykjen begûn yn july ferline jier. By njoggen kontrôles wiene 2500 minsken en goed 400 auto's belutsen. Ien fjoerwapen, seis stiks munysje, seis gasbuskes en 83 slachwapens binne yn beslach naam. Foar in better byld is mear tiid nedich.