Frou bestellen yn Frjentsjer

12 jan 2005 - 11:45

In 58-jierrige frou út Frjentsjer is tiisdeitejûn bestellen yn har wenplak. Se fytste om kertier oer tsienen op de Hertoch fan Saksenleane. Dêr stapte in groepke jonges út de bus. Se rôpen de frou nei en pakten in tas út har fytstas wei.

De dieven waarden wei yn 'e rjochting fan 'e IIsbaanwei. In part fan it stellen guod is letter weromfûn op dy strjitte. De frou mist in mobyltsje, wat lytsjild en in aginda.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)