Billboard mei fagina moat fuort

© Omrop Fryslân
In libbensgrutte ôfbylding fan in fagina hat yn Ljouwert foar de nedige betizing soarge. It wie te sjen op in grut billboard by keunstsintrum De Infirmery as reklame foar in exposysje. Fan de gemeente moast it boerd daliks fuorthelle wurde. Keunstner Alfred H. Stucki reagearre lilk, mar hat no wol de publisiteit krigen dy't er ha woe.
Foar't de gemeente yngripe koe joech Keunstwurk-direkteur Waale al opdracht om it billboard fuort te heljen.