Topmüller net nei Cambuur

© Omrop Fryslân
De Dútske spits Marco Topmüller komt net nei Cambuur. Ferline wike wie de 28-jierrige spits fan SV Leiwen op proef. Hy skoarde snein tsjin earsteklasser Snits twa kear. De technyske stêf fan de Ljouwerters fynt Topmüller net fit genôch en dus net in direkte fersterking.
Cambuur hat al in nije spits op proef. It giet om de 20-jierrige Derk Schut. Hy is transferfrij en spile oant no ta foar FC Den Bosch.