Nije rykstsjinst nei it Noarden

© Omrop Fryslân
De noch op te rjochtsjen rykstsjinst Zorgtoeslagen moat festige wurde yn Noard-Nederlân. Dy oprop docht de Party fan de Arbeid yn Noard-Nederlân. De nije tsjinst Zorgtoeslagen is in gefolch fan de nije soarchfersekerings- wet. Der komme sa'n 500 arbeidsplakken.
Sa'n grutte wurkjouwer yn it Noarden soe in moaie ympuls wêze foar de wurkgelegenheid, seit de Partij fan de Arbeid. De PvdA hat gjin foarkar foar Fryslân, Grinslân of Drinte.