Boerum yn aksje tsjin skûtels
It doarp Boerum moat massaal yn aksje komme tsjin de ôflústerskûtels dy't definsje by it doarp delsette wol. Dat is it doel fan in aksje dy't de SP begûn is. Op it grûnstasjon by Boerum soene 22 nije skûtels komme moatte, dêr't yn gefal fan terroristyske driging it telefoanferkear mei ôf te lústerjen is.
Dat makket Boerum in terroristysk doel, sa fine de aksjefierders. Hûs-oan-hûs wurde dizze dagen pamfletten lânsbrocht.
Trefwurden:
argyf