'Mear romte foar Ljouwert'

11 jan 2005 - 16:33

De skiednis fan Ljouwert moat in eigen permanente eksposysjeromte krije. Dat wol de histoaryske feriening Aed Levwerd. De eksposysjeromte soe komme moatte yn de nijbou fan it Histoarysk Sintrum oan de Grienewei yn Ljouwert.

De feriening fynt dat oare musea net genôch histoarysk besef ha, wat Ljouwert oanbelanget. Yn it Fries Museum is bygelyks hast neat werom te finen oer de skiednis fan de Fryske haadstêd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)