Strjitferbod foar dwerse jeugd

© Omrop Fryslân
It moat yn Ljouwert mooglik wurde dwerse jongeren in strjitferbod op te lizzen. Dat skriuwt de VVD yn Ljouwert yn in brief oan boargemaster en wethâlders.
Yn Amsterdam kinne lestige jongeren sûnt begjin dit jier in strjitferbod krije. Yn Ljouwert feroarsaket de jeugd op guon plakken ek oerlêst. De Amsterdamse maatregel soe dêrom hjir ek wol ynfierd wurde kinne, fynt de VVD. Bygelyks yn de binnenstêd.