Famke (12) ferwûne rekke

11 jan 2005 - 12:01
Foto: Omrop Fryslân

In 12-jierrich famke út Kollumersweach is moandei yn Bûtenpost ferwûne rekke by in ûngelok. Op it krúspunt fan de Bernhardleane mei de Eringaleane joech se gjin foarrang oan in autobestjoerder (67), dy't fan rjochts kaam. Dy koe har net mear ûntwike.

It famke rekke ferwûne oan de holle en de foet. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)