Yllegale fiskers oppakt

11 jan 2005 - 11:56

Yn Winsum binne ferline wike twa manlju oanhâlden. Se fisken yllegaal op snoekbears. De AID betrape de mannen út Snits doe't se fuortrieden by de Boalserterfeart. Se hienen goed 75 kilo snoekbears by har, wylst se der gjin fergunning foar hienen. Se hienen ek ferbeane netten brûkt.

De manlju krije in boete. Ek de boat en bûtenboardmotor binne yn beslach naam. As se net pakt wienen, hienen se de fisk foar 500 euro ferkeapje kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)