Soargen oer spoarferfier
It gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN) makket him soargen oer de takomst fan it spoarferfier yn it Noarden. De bedriuwen dy't it ferfier per spoar fersoargje, soene har allinne mar op de Rânestêd rjochtsje. De oare linen hingje der mar wat by, seit it SNN.
It is it doel dat provinsjes regionale spoarlinen oernimme fan it Ryk. It SNN wol dat der yn dat gefal wol hurde ôfspraken komme oer de ynfestearings dêrfoar.
Trefwurden:
argyf