Winsken foar opfolging Heite

11 jan 2005 - 11:39

Rom 200 ynwenners fan de gemeente Weststellingwerf hawwe yn in enkête har winsken oanjûn foar in nije boargemaster. Op 1 juny nimt boargemaster Heite ôfskie. In dúdlike foarkar foar in froulike opfolger hawwe de Weststellingwervers net, wol wolle se in boargemaster dy't tusken de minsken stiet.

De nije boargemaster moat fan de ynwenners benammen omtinken jaan oan feiligens en regionale gearwurking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)