Kij terjochte yn beslach nommen

© Omrop Fryslân
Fan de 150 kij dy't freed yn beslach naam binne yn Jorwert, giet net ien bist werom. Dat seit de ynspekteur fan de bistebeskerming. It meinimmen fan it fee drige út de hân te rinnen, doe't de frou harsels tekoart dwaan woe. Nei oeren ûnderhanneljen waard it fee dochs meinommen. It fee is moandei op 'e nij taksearre.
Neffens de ynspekteur moat faker hurd yngrypt wurde. Troch miskommunikaasje komt dat der net altyd fan.