Jan Bearn Singelsma ferstoarn

© Omrop Fryslân
Yn Jellum is sneon Jan Bearn Singelsma ferstoarn. De FNP-pommerant is 90 jier wurden. Hy wie fan 1966 ôf 13 jier steatelid foar de FNP en wie ek riedslid yn Ljouwert. Dêrnjonken sette er ferskate aksjes op bygelyks tsjin de ynpoldering fan it Waad en de bou fan de elektrisiteitssintrale oan de Burgumermar.
Singelsma stie yn politike rûnten bekend as in bejeftige sprekker mei orizjinele ideeën.