Terpstra fan CNV nei HBO-raad
Doekle Terpstra ferlit it CNV. Hy wurdt de nije foarsitter fan 'e HBO-rie, de koepel fan hegeskoallen. Terpstra hat dit moandei bekend makke op de nijjiersresepsje fan it CNV. Terpstra sil op 1 maaie by de HBO-rie begjinne.
Terpstra wurke al sûnt 1980 by it CNV, yn 1998 waard er foarsitter. Terpstra seit dat it goed is dat it CNV in nije foarsitter krijt. Terpstra wie earder ek al yn 'e race om boargemaster fan Tilburg te wurden.