Andriesen: kearndoelen net leger

10 jan 2005 - 18:02

De easken foar it Frysk yn it basisûnderwiis moatte net ferlege wurde. Dat seit deputearre Andriesen. Om't in soad bern de saneamde kearndoelen foar it ferstean, lêzen, praten en skriuwen fan it Frysk net helje, wurdt no ûndersocht oft dy doelen nei ûnderen bysteld wurde kinne.

Deputearre Andriesen is it dêr net mei iens. Dêrmei nimt se in oar stânpunt yn as har kollega-deputearre Mulder fan kultuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)