Wjukken turbine falle op loads

© Omrop Fryslân
By de fiskôfslach fan Lauwerseach binne sneontemiddei beide wjukken fan in wynturbine troch it dak fan in loads fallen. De wûnmûne stie al yn de feilige stân fanwegen de hurde wyn.
Nei alle gedachten is de as brutsen en doe mei wjukken en al nei ûnderen op de loads fallen. Der wienen op dat momint gjin minsken yn de loads oanwêzich. De kistespielmasinedy't binnen stie, is wol beskeadige. It is noch net dúdlik hoe grut de skea is.