'Hokker beheinings by wentebou?'

© Omrop Fryslân
De PvdA yn Wymbritseradiel wol fan boargemaster Reitsma en wethâlder De Boer witte wat dy bedoele mei har opmerkings oer beheinings fan de provinsje by de bou fan nije wenten. Reitsma sei yn syn nijjierstaspraak dat te lange prosedueres fan de provinsje weningbou opkeare.
De PvdA yn Wymbritseradiel wol no witte wat foar prosedueres boargemaster en wethâlders krekt bedoele en of dy de provinsje of it ryk dy opstelt.