'Net posityf diskriminearje'

© Omrop Fryslân
De partij Nieuwrechts nimt mooglik stappen tsjin boargemaster De Jonge fan it Hearrenfean. Dy ropt bedriuwen op om mear allochtoanen yn tsjinst te nimmen. Neffens de partij is positive diskriminaasje ek diskriminaasje. Undernimmers soene minsken oannimme moatte op harren kwaliteiten, net op harren hûdskleur of komôf.
Neffens De Jonge soe it oannimmen fan mear allochtoanen just soargje foar in bettere yntegraasje.