Oanpak winkelsintrum Hearrenfean

10 jan 2005 - 11:36

Troch de komst fan grutskalige detailhannel komt it festigingsklimaat foar bedriuwen op it Hearrenfean ûnder druk te stean. Dêrfoar warskôget foarsitter Harry Klinker fan de ûndernimmerskring Hearrenfean. Hy ferwachtet dat de leechstân yn it winkelsintrum tanimme sil as gefolch fan grutskalige detailhannel yn it stadiongebiet.

De gemeente soe it winkelsintrum lytser en smûker meitsje moatte, fynt Klinker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)