Klubhûs Drachten útbaarnd

© Omrop Fryslân
In útslaande brân hat sneontenacht it klubhûs fan de Drachtster honk- en softbalferiening folslein yn de jiske lein. By de brân yn it gebou oan de Sportleane is asbest frijkaam. De gemeente Smellingerlân en de GGD ha dêrom opdracht jûn foar in ûndersyk.
De asbestresten by it klubhûs wurde snein oprêden. Yn wenwyk 't Hout is jiske fûn, mar dêr sit gjin asbest yn. De bewenners fan it Hout krije in brief fan de gemeente oer de brân.