Biltliet fan Bacon and Bones

© Omrop Fryslân
It nûmer 'Dut stikky land' fan de band Bacon and Bones is útkeazen ta Biltliet. Bacon and Bones wûn in kriich dy't útskreaun wie yn it ramt fan it 500-jierrich bestean fan it Bilt. Dat wurdt dit jier fierd. It liet sil by ferskate feestlikheden te hearren wêze.
Sneon waard buorkundich makke dat Bacon and Bones it winnende liet skreaun hie. Dat barde by de iepeningsmanifestaasje fan it Biltse feestjier.