Stroomsteuring yn Ljouwert

09 jan 2005 - 20:52
Foto: Omrop Fryslân

Sa'n tûzen húshâldens yn Ljouwert ha sneintemoarn lêst hân fan in stroomsteuring. Fan healwei alven ôf wie der gjin stroom yn wenten yn de omkriten fan de Tesselschadestraat, de Valkstraat en it Vossenpark yn Ljouwert.

Enerzjybedriuw Essent koe neat sizze oer de oarsaak fan de steuring. It bedriuw hie de steuring oan it begjin fan de middei wer ferholpen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)