Winst foar Woon Aris

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Woon Aris ha sneon mei 85-80 wûn fan Rotterdam. In wichtige oerwinning fan de Ljouwerters op in konkurrint foar de play-offs.
It kaam Aris net oanwaaien tsjin de Rotterdammers. Nei trijekwart fan de wedstriid stienen de besikers noch op foarsprong (60-66). Yn it lêste kwart wist Aris dochs de stân om te bûgen, ûnder mear troch fjouwer trijepunters fan Woudstra. Dy spiler wie mei 28 punten topskoarer by Aris.