Gjin nij lokaal Lucasskoalle

09 jan 2005 - 16:10

De Lucasskoalle yn Drachten krijt der gjin ekstra lokaal by. De gemeenteried fan Smellingerlân hat earder besletten dat der in fjirtjinde lokaal komme mocht. Ut in lêste telling soe no bliken dwaan dat it tal learlingen minder bot omheech giet as dat it skoalbestjoer seit.

It gemeentebestjoer fynt dat der no gjin needsaak mear is foar in ekstra lokaal. De gemeenteried wurdt dêrom frege it plan wer werom te draaien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)