Jonkje (9) swier ferwûne by brân
By in brân sneon yn in hûs oan de Julianastrjitte yn Marrum binne in jonkje (9) en syn mem ferwûne rekke. De jonge is der slim oan ta. De brân ûntstie yn in matras op in sliepkeamer. De oarsaak is noch net bekend. De mem hat it bern út 'e hûs helle.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Beide slachtoffers binne nei it sikehûs brocht. De boppeferdjipping fan it hûs hat flinke skea oprûn.