Haadfertochte bekent

© Omrop Fryslân
De haadfertochte fan de moard op in man (40) út Aldeboarn hat foar it grutste part bekend. De fertochte is de broer fan it slachtoffer. It liket derop dat er gjin wapens brûkt hat om de man om te bringen. De twa ha nei alle gedachten spul hân flak foar it misdriuw.
De plysje fûn it slachtoffer woansdei dea yn syn hûs. De dochter (17) en de soan (14) fan de fertochte sitte ek fêst foar mooglike belutsenheid.