Fear foar Verbeek
Trener Gert Jan Verbeek fan SC Hearrenfean hat de jierlikse 'fear yn de broek' fan de Ried fan de Fryske Beweging krigen. Verbeek krijt de priis omdat hy him as Tukker besiket de Fryske taal eigen te meitsjen. Hy krige de priis, in skilderij, útrikt yn syn eigen Abe Lenstrastadion.
Oare winners fan de fear wiene de sjoernalist Wio Joustra, en boargemaster Arno Brok fan Snits.