Kramer tredde op 5 kilometer

08 jan 2005 - 16:47

Reedrider Sven Kramer is freed tredde wurden op de 5.000 meter by it EK reedriden op it Hearrenfean. Kramer ried 6.24,29 en moast Carl Verheijen (6.24,27) dêrmei krekt foargean litte. Earste waard de Noor Ervik yn 6.23,40.

Kramer stiet nei syn tsiende plak op de 500 meter no fjirde yn it tuskenklassemint. Marc Tuiter stiet earste, Jochem Uytdehaage twadde en de Italiaan Fabris tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)