Frysk Sjongspektakel

© Omrop Fryslân
Skoallen yn Frjentsjerteradiel dogge yn april mei oan in Frysk Sjongspektakel. Mei in lietebondel en in oefen-CD leare de bern Fryske ferskes. It idee komt fan minsken dy't it gemeentlik jild foar it Frysk brûke woene om it Frysk populêr by bern te meitsjen. Dy hearre wol allegear oare talen, mar hieltiten minder Frysk, tinke de inisjatyfnimmers.
It Frysk Sjongspektakel is 8 april yn Sporthal de Trije yn Frjentsjer.