Argeologysk ûndersyk by Aldehou

© Omrop Fryslân
It Aldehoustertsjerkhôf giet tiisdei op de skeppe foar in twadde argeologysk ûndersyk. De argeologen wolle mear leare oer de stedsterp út de earste ieu nei Kristus. De proefgraving duorret twa dagen. Ein jannewaris wurdt in tredde proefsleuf makke.
Op basis fan de trije foarûndersiken kinne de argeologen it grutte ûndersyk tariede. Yn 2006 moat der in grutte parkeargaraazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf komme.