Amelân set wurkleaze oan it wurk

© Omrop Fryslân
De gemeente Amelân nimt nije kandidaten foar de bijstân sels yn tsjinst. Boargemaster Verhoeven wol dat der gjin nije útkearingsgerjochtigden bykomme op it eilân. De gemeente kloppet sels by ûndernimmers oan foar wurk. It earste heal jier nimt Amelân de wurkleazen sels yn tsjinst. Se wurde dan detasjeard by ûndernimmers.
Der sitte op dit stuit op it Amelân minder as tsien minsken yn de bijstân. Der komme jierliks fiif of seis by.