'Mear allochtoanen yn bedriuwen'
Undernimmers moatte mear allochtoanen oannimme, as der fakatures binne. Dy oprop docht boargemaster de Jonge fan Hearrenfean. Bedriuwen dy't nij personiel sykje binne faak wat huverich mei it oannimmen fan allochtoanen. De Jonge fynt dat dit net goed is foar de arbeidspartisipaasje fan dizze befolkingsgroep.