Moard yn Aldeboarn

© Omrop Fryslân
In man (47) út Grou hat himsels by de plysje yn Amsterdam oanjûn. Hy wurdt derfan fertocht belutsen te wêzen by dea fan syn broer. Dy lei dea yn syn wente yn Aldeboarn. De plysje giet út fan in misdriuw. It motyf leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear.
De fertochte hat himsels by de plysje oanjûn. Oft er bekend hat, wol de plysje net sizze. De man is oerbrocht nei Ljouwert. It stoflik omskot fan it slachtoffer wurdt ûndersocht.