Kwaliteit Fryske les ferbetterje

© Omrop Fryslân
De provinsje moat mear en aktiver gebrûk meitsje fan de mooglikheden om de kwaliteit fan it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen. Dat advisearret it Berie foar it Frysk oan Deputearre Steaten. De provinsje kin wetlik mear dwaan as op dit stuit bart, sa kin de provinsje tafersjoch hâlde op hoe't jild foar it fak Frysk bestege wurdt.
It berie pleitet ek foar in ûndersyk nei it oerdragen fan it foech foar it fak Frysk fan ryk nei provinsje.