Fetter-fertochte nei Pieter Baan

© Omrop Fryslân
Ien fan de twa fertochten fan de moard op Manuel Fetter moat foar observaasje nei it Pieter Baan Sintrum yn Utrecht. Dat hat de rjochter yn Ljouwert tongersdei bepaald. De 26-jierrige Ljouwerter wegeret mei te wurkjen oan in psychiatrysk ûndersyk.
Manuel Fetter waard september ferline jier mei geweld om it libben brocht yn Ljouwert. Der sitte twa fertochten fêst foar de moard. De oare hoecht net nei it Pieter Baan Sintrum.