Mear besikers histoarysk sintrum

06 jan 2005 - 14:13

It tal besikers fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert is yn 2004 bot tanommen. Foaral it tal besites oan de webside fan it HCL is folle grutter as oars. Dat komt trochdat de webside sûnt in moanne as trije keppele is oan trije nasjonale sykmasines op it mêd fan skiednis en genealogy. It tal besikers is dêrtroch ferdûbele fan 15.000 nei 30.000 deis.

It sintrum sels is no ek op sneonte- moarns iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)