Selakovic faaks nei Göteborg

© Omrop Fryslân
Oanfaller Stefan Selakovic fan SC Heerenveen giet sa goed as wis nei it Sweedske IFK Gotenburg. Der wie fan ferskate Skandinavyske klubs belangstelling foar de spiler, dy't sels fuort wol omdat er hast net oan spyljen takomt.
Selakovic is dwaande mei syn fjirde seizoen by SC Heerenveen. Hy spile oant no ta 90 kompetysjewedstriden foar de klub. Dêryn makke er 19 doelpunten.