Grien ljocht foar Slachtebrêge

06 jan 2005 - 13:42

Boargemaster en wethâlders fan Frjentsjerteradiel hawwe grien ljocht jûn foar de Slachtebrêge oer de A31 by Hjerbeam. De kuierdersbrêge hie der foar de Slachtemaraton fan ferline jier al wêze moatten, mar trochdat der temin jild wie, gie dat net troch.

Dat probleem is no út 'e wrâld, omdat de fiif euroton dy't nedich is foar de bou, der no is. De brêge moat takom hjerst klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)