Undernimmers iens mei Liemburg

06 jan 2005 - 12:01

De ûndernimmersferiening fan Wommels is it folslein iens mei de útspraken fan boargemaster Liemburg fan Littenseradiel. Dy wol net meidwaan oan de bel-aksje fanút it Provinsjehûs om ûndernimmers jild te freegjen foar Azië. Se wol de relaasje mei de ûndernimmers suver hâlde en de ûndernimmers net ûnder druk sette.

De ûndernimmers tinke dêr krekt sa oer. De druk op harren om jild te jaan is al grut genôch, neffens foarsitter Turksma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)