Oare opset Midwintercup

© Omrop Fryslân
De Midwintercup hat dit jier in folslein nije opset krigen. It grutte sealfuotbaltoernoai gie dizze wike fan start.
De wedstriden wurde no net allegear mear ôfwurke yn it FEC yn Ljouwert. Der is keazen foar in systeem mei regionale foarrondes. Dy wurde yn twa wiken spile, yn 19 sporthallen yn Fryslân. De finale is op sneon 15 jannewaris yn sporthal De Trij yn Frjentsjer.