Stilte foar Azië

© Omrop Fryslân
Yn hiel Fryslân binne woansdeitemiddei de slachtoffers fan 'e tsunami yn Azië betocht. Hast alle lannen fan 'e Europeeske uny betinke de tûzenen minsken dy't op Twadde Krystdei de dea fûnen by de tsunami. Radio- en televyzjestasjons hâlden 1 en 3 minuten stilte. Fierders bleaunen de bussen fan Arriva en Noordned om 12 oere stean. Ynstellings en bedriuwen diene ek manmachtich mei. It deadetal leit no al boppe de 200.000.