'Kraanwetter likegoed as fles'

© Omrop Fryslân
Wetterliedingbedriuw Vitens is útein set mei in spesjale publykskampagne oer de kwaliteit fan it liedingwetter. Benammen jongere minsken twifelje nochal ris oan de kwaliteit fan it wetter út de kraan en brûke wetter út flessen, bygelyks mineraalwetter. Vitens seit dat it kraanwetter like goed is as wetter út flessen.
De kampagne 'Vers water komt gewoon uit de kraan' begjint mei in reklamespot yn de bioskopen, folge troch advertinsjes.