Stoomtreinkaartsjes rôversguod

06 jan 2005 - 06:23

Alle 620 kaartsjes foar de stoomtrein dy't op 29 jannewaris tusken Snits en Warkum rydt, binne yn in heal oere tiid útferkocht. De ynskriuwing sette om 12 oere útein op ynternet. Hûnderten belangstellenden fiskje achter it net.

De trein rydt by gelegenheid fan de iepening fan it nije Nasjonaal Modelspoarmuseum yn it stasjonsgebou fan Snits. It is foar it earst yn sawat 30 jier dat in stroomtrein Fryslân wer oandocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)