Gesin ferliest 35 famyljeleden

05 jan 2005 - 21:12

In Drachtster gesin hat 35 famyljeleden ferlern troch de seebeving yn Azië. It troffen gesin út Sri Lanka wennet al jierren yn Fryslân.

Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân hat by it gesin op besite west. De heit, mem en twa famkes binne bot oandien. Se krije in soad stipe fan freonen en kunde. Yn de roomsk-katolike tsjerke yn Drachten wurdt freed in betinkingstsjinst hâlden foar de omkommen famyljeleden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)