De Witte Os wurdt renovearre

© Omrop Fryslân
De âlderwetse krûdenierswinkel De Witte Os op 'e Jouwer wurdt yngeand renovearre. Yn De Witte Os begûn Egbert Douwes yn 1753 syn winkel koloniale waren. De hiele ynrjochting mei teekisten en tabakspotten moast dêrom ferhúzje nei de Voorsalon yn Pand 99.
Boppe de winkel is de opslachromte. Ek dy moast leech, want it dak is ta oan in opknapbeurt. De winkel moat foar de simmer wer klear wêze.