'Sintrale As moat earder klear'

© Omrop Fryslân
De Sintrale As moat folle earder klear wêze as yn 2015. Dat fynt boargemaster Arie Aalberts fan de gemeente Dantumadiel. De Sintrale As is de nije provinsjale dyk tusken Dokkum en Drachten, dy't soargje moat foar in bettere ûntsluting fan it gebiet.
Sân trasees wurde op dit stuit bestudearre troch de provinsje. De oanlis fan 'e dyk moat yn 2007 of 2008 út ein sette. Dat is te let foar de ekonomyske ûntjouwing, fynt Aalberts.