EAS nije sponsor Thomas

05 jan 2005 - 10:41

Reedrydster Annamarie Thomas fan Bantegea hat in nije sponsor fûn: sportfoedingsbedriuw EAS. It kontrakt is opmerklik om't Thomas al tiden kampt mei rêchproblemen. Se hat dit seizoen hast noch net yn aksje west.

De âld-wrâldkampioene op de 1000 en 1500 meter kin oant de winterspelen fan Turijn yn 2006 rekkenje op de stipe fan EAS. It bedriuw hat tasein it kontrakt oant de ein ta út te tsjinjen, ek as Thomas in punt achter har karriêre set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)