Dit jier gjin 11-stêde-estafette

© Omrop Fryslân
De alvestêde-estafetterin foar hurddravers giet dit jier net troch. De organisaasje kin nammentlik gjin sponsor fine foar it evenemint. Ek it tal frijwilligers dat it ferkear regelje moat wurdt alle jierren in grutter probleem.
De estafetterin wurdt al 20 jier organisearre troch SV Fryslân. De lêste jierren diene der sa'n 2500 minsken oan mei. De ultra-rin foar atleten dy't 210 kilometer drave giet wol troch.